Jan Schurer skriuwt skiednis
Jappie Toering fan Easterlittens hie neffens soan Romke sels de gronology fan syn eigen ûnthâld oanpast oan de jierren wêryn dy en dy de PC wûn hienen. Sa slim is ’t by my net. Mar ik wit noch sekuer dat ik ien kear de PC mist ha, dat wie yn ’85 doe’t Ruurdt Rutten, Tsjerk de Groot en Johannes van Dijk de PC wûnen. En as ik de namme fan Gerrit Langerak lês dan moat ik altiten tinke oan de earste kear dat ik mei ús heit yn ’65 nei de PC gie. De Lytse PC hat no ek syn eigen boerd mei in earegalerij oan winners. It waard ûntbleate oan it begjin fan de Lytse PC en it waard daliks al troch in protte keatsers en belangstellenden besjoen. In prachtich nij inisjatyf dat tige wurdearre waard. Want de Lytse PC winne, is foar de measte keatsers dochs in dream dy’t útkomt. It wie dêrom dat Pieter van Althuis dochs wol baalde fan de tredde priis. “We wienen der tichtby”, sei er, “en dan moat je it gripe want sa’n kans krije je net faak”. De namme op it boerd fan de Lytse PC is in namme dy’t telt! Keatserij Der wie in moaie list fan 24 partoer mei sa as gewoanlik in prachtige miks fan jong talint en âlde rotten. Mar dy âlde rotten moasten dochs yn mearderheid erkenne dat keatsen op nivo net in spultsje is fan efkes de mof út de kleankast helje. Ek ús Mantgumer matsjedoaren Richard de Graaf, Jan Geart Nutma en Wilco Fopma moasten erkenne dat it jonge partoer fan Rudmer Okkinga, Rein Hiemstra en Richard Tamminga dochs in te grutte hindernis foarme. Se krigen mei 5-0 en 6-6 in kâlde dûs. Ek PC-winners as Johan Abma, Pieter Scharringa en Auke van der Graaf koenen yn har trije gelegenheidspartoeren de earste omloop net oerlibje. Dat koe Chris Wassenaar mei Arie den Breejen en Hindrik Engbrenghof wol, mar Chris moast dêrfoar wol it plak fan Hindrik yn it perk oernimme. Ferrassings Oant en mei de tredde omloop wienen der einliks gjin grutte ferrassings. Mar op de trije wie it ferlies fan Michiel Scheepvaart, Jacob Zaagemans en Gert Jan Meekma tsjin Johan Diertens, Tsjerk Elsinga en Jelte Visser net daliks ferwachte. Mar ja, as de opslach je in ‘e steek lit, sa as barde by Skepie en Zaagemans dan is der gjin salve oan te ferstriken. En mei de winst fan 5-3 en 6-0 stienen Diertens cs. yn de heale finale. Op de tredde list keatsten Pieter van Althuis, Hendrik Bouwhuis en Steven de Bruin in spannende partij tsjin Wassenaars cs. De opslach fan Chris wie dominant mar doe’t De Bruin op 5-5 en 4-2 in keatske wist te meitsjen moast Hindrik Engbrenghof opslaan. Twa kear ferdwûn syn opslachbal oer de boppe en koe Pieter van Althuis mei in 6-4 foarsprong de lytse keats behâlde. (5-5 en 6-4 winst). It partoer fan Johannes van der Veen, Peter de Boer en Kees van der Schoot keatsten de hiele dei al tsjin harren sels en koenen yn de heale finale net it goeie spoar fiene tsjin Haye Jan Nicolai, Hyltsje Bosma en Jan Schurer. Dizze lêsten keatsten degelik en stelden de winst feilich op 5-2 en 6-4. Heale finale Partoer Van Althuis wie by de measten favoryt mar it slagge harren net om dy rol wier te meitsjen. Dat wie foaral de fertsjinste fan de tsjinpartij dy oergryslik degelik stienen te keatsen. Diertens hie hast gjin missers oan de opslach en wist boppedat it hiele perk te bestriken. Jelte Visser stie efteryn as in strateech te keatsen. Hy socht goed de hoeken fan it fjild en in ‘moaie bal’ wie fertrokken. In lust foar it each wie ek it spel fan foarynse Tsjerk Elsinga. Hy makke foaral yndruk mei syn goeie retourspel op de boppe. Boppedat makke hy syn paadsje foaryn mear as treflik skjin. Van Althuis cs. krigen dan ek ‘gjin poat oan ‘e grûn’. Hoewol’t se noch fan in grutte efterstân werom kamen, moasten se op de stân fan 5-4 en 6-2 de flagge strike. De Janse skaal Sa as yntusken tradysje rikke de Earste Klas keatsers oan it ein fan it jier oan de meast trouwe supporter ‘De Janse Skaal’ út. Dat bart dan foar de finale. In sympatyk gebaar wêryn de bining tusken keatser en publyk ta útering komt. Dêr koe de haadklasse noch wol in foarbyld oan nimme. As supporter fan it jier waarden de hear en mefrou Flisijn út Tersoal nei foaren roppen. Sij krigen út hannen fan Peter de Boer de Janse Skaal foar in jier mei nei hûs. Ôfskie Dêrnei krige Pieter van Althuis it wurd om trije ôfskie nimmende keatsers yn it sintsje te setten. Peter de Boer, Jacob Zaagemans en Pieter Bakker krigen in ‘laudatio’ dêr’t de measte promovendy net oan tippe kinne. Mei in fotokollaazje as oantinken en in keatskrâns mei de tekst “BEDANKT” om de nekke krigen de trije mannen it applaus dêr’t se rjocht op hienen. Finale En doe moast der keatst wurde foar it plak op it nije boerd. Twa partoeren yn de finale dy’t einliks net ien ferwachte hie. Mar beide partoeren stienen wêr’t se rjocht op hienen. Ek no keatste partoer Diertens yn it begjin fan de partij oerdegelik. Nicolai cs. kamen der einliks gjin momint oan te pas. En by in stân fan 4-1 en 6-2 hienen Diertens cs. de winst foar it gripen. Mar it earst gie op 6-6 dochs ferlern doe’t Jan Schurer boppe sloech. Ynstee fan 5-1 waard it no 4-2. En wer hie partoer Diertens mei in 6-4 foarsprong en in grutte keats alle kâns om it fiifde buordsje te pakken. Mar doe’t Tsjerk en Jelte de bal tusken harren yn, slûpe lieten wie it samar 4-3. Dochs kamen Diertens cs. nei 6-2 op in riante 5-3 foarsprong. Mar it wie op dy stân krekt of siet der sân yn de motor. It hapere oan alle kanten en dan begjint de tsjinpartij der fansels yn te leauwen. Fia twa kear 0-6 waard it fiif earsten gelyk. Op sa’n stân is fansels alles wer mooglik. It wie foaral Hyltsje Bosma, de fûle foks út Makkum, dy’t syn maten oanfitere. En dy opset slagge want se rûnen yn ien stik troch nei de oerwinning. 5-5 en 0-6) Jan Schurer waard útroppen ta kening en dat wie foar him de kroan op in jier wêryn hy syn nivo aardich ferbettere hat. Oan it winnersboerd fan de Lytse PC is wer skiednis tafoege. Theo Kuipers
Geplaatst op 08 September 2013